Wat vindt NRC | Beskermje it Frysk ear it net mear is as in sprektaal

‘Der feroaret wat yn Fryslân, minsken, en as der neat feroaret yn Fryslân, dan is der oer fyftich jier gjin Fryslân mear!” Mei dy wurden spruts Jan Piebenga, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, essayist en Twadde Keamerlid, 73 jier lyn in demonstraasje ta.

Hy wie net de iennichste yn Fryslân dy’t, op 16 novimber 1951, yn opstân kaam nei’t in rjochter wegere hie in feedokter yn syn eigen taal oan te hearren. Yn in haadartikel yn de Fryske Koerier fergelike Fedde Schurer de rjochter mei in midsieuske binde fan plonderjende soldaten. Dat rûn derop út dat er oanklage waard foar opsetlike mislediging.

Kneppelfreed hat fertuten dien. It Frysk is yn 2024 in offisjele nasjonale taal. Wa’t soks mar wol kin in juridyske striid yn it Frysk fiere. Kin ûnderwiis yn it Frysk krije. De dokter yn it Frysk om rie freegje. Mear as in jier lyn debattearre de Twadde Keamer foar it earst yn har skiednis yn de Fryske taal. En yn novimber hat in rekôr tal Keamerleden (fiif) de eed yn it Frysk ôflein.

Mar de warskôging fan Piebenga jildt noch altyd. It Frysk stiet as kultuertaal faai en driget in sprektaal te wurden dy’t hieltyd minder lêzen, skreaun en bestudearre wurdt. Ientalige Friezen besteane der fansels al twa ieuwen net mear, mar de komst fan Hollanners soarget derfoar dat yn guon streken fan Fryslân ek de twataligens ôfnimt. En dan is der ek noch de ‘ynterferinsje’, de ynfloed fan it Nederlânsk op it Frysk.

Sprektaal is lykwols net it fûnemint ûnder in taal. Skriuwtaal is dat wol: in goede grammatika, wurdskat en sinsstruktuer binne ûnmisber foar it behâld fan in taal. Undersyk dêroer, troch betûfte promovendi dy’t like betûfte learkrêften ynspirearje kinne, bliuwt wichtich.


Lees ook
Stel de Friese taal veilig met een universitaire studie Fries, adviseert het KNAW

<strong>Exterieur van de Rijksuniversiteit Groningen</strong> met in het wapen in het Latijn de tekst <em>Verbum Domini lucerna pedibus nostris</em> (‘Het woord van de Heer is een lamp voor onze voeten’) en enkele Friese pompeblêden.” class=”dmt-article-suggestion__image” src=”http://nltoday.news/wp-content/uploads/2024/01/wat-vindt-nrc-beskermje-it-frysk-ear-it-net-mear-is-as-in-sprektaal.jpg”><br />
</a> </p>
<p><a rel=It rapport fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) fan hokkerwyks stelt fêst dat it tal universitêr oplate Frisisten ôfnimt en dat soks planút soarchlik is. Der bestiet gjin folsleine stúdzje Frysk mear, en oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) is de foltiids-heechlearaar opfolge troch in tydlike dieltiids-heechlearaar. De KNAW fynt dat it Ryk it wittenskiplik ûndersyk yn feilichheid bringe moat.

Under druk fan it oerheidsbelied binne universiteiten ôfjage rekke op finansjeel rendemint. Lytse opliedingen mei te min studinten om personiel betelje te kinnen, krije oplein om yn it gruttere gehiel op te gean. Frysk is sadwaande oan de RUG in karfak wurden binnen de bacheloroplieding Minorities & Multilingualism.

En dat wylst in Keamermoasje yn 2022 it kabinet oprôp om it wittenskiplik ûnderwiis juridysk te ferankerjen. En Nederlân him boppedat ferplichte hat om it Frysk te beskermjen. In nasjonale Rykstaal mei gjin sprektaal wurde. De „kultuer en ekonomy hawwe ferlet fan taal- en kommunikaasjesaakkundigen yn de soarch, (literêre) sjoernalisten en kompjûterlinguisten mei spesifike kennis” fan de taal. „Sûnder sokke saakkundigen is der nimmen om de minsken weiwiis te meitsjen oer it doe en no fan har eigen kultuer, of om advys te jaan oer begryplik en tagonklik taalgebrûk.”

Dat binne net de wurden fan de KNAW oer it Frysk, mar oer it Nederlânsk. Want wa’t tinkt dat de niisneamde soargen bûten Fryslân net relevant binne, foar it Nederlânsk driget in te ferlykjen lot. It tal akademysk oplate studinten is yn de ôfrûne tsien jier mei 68 prosint sakke, nei 160 earstejiersstudinten yn 2021.

In maatskippij sûnder kennis fan de eigen taal, en dêrmei fan de eigen kultuer, is in earme maatskippij. Taligens telt.